Yep KramervgilagAr0ceoTra Sa VvIi svgb hti6orum3AsagH Rt12o

Multi tool use
Yep Kramer | ||
![]() | ||
![]() | ||
Yep Kramer yn 1982 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 15 novimber 1957 | |
berteplak | Nijskoat | |
sportive ynformaasje | ||
sport | reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan, maratonriden | |
O.S. | Lake Placid 1980 - Sarajewo 1984 | |
debút | 1979 | |
karriêre-ein | 2002 |
Yep Gerardus Kramer (Nijskoat, 15 novimber 1957) is in Frysk reedrider. Yep is ferneamd wurden troch it reedriden op de langebaan; jierrenlang wie der ien fan de bêste Nederlânske langebaanriders. Hy hat lykwols nea in kampioenskip wûn trochdat hy de pech hie dat yn syn tiid Hilbert van der Duim ek aktyf wie. Yn 1984 waard er opereard oan in hernia en siet oant 1986 yn de kearnploech. Neidat Yep mei it langebaan-reedriden ophold is er oerstapt op it maratonriden. Helle 28 maratonoerwinnings op keunstiis, en waard yn 1996 kampioen op natueriis. Ek hjir hat er jierrenlang ien fan de toppers west. Waard dêrnei langebaantrener by it gewest Fryslân. Sûnt 2011 is er maratoncoach.
Yn 1997 die Kramer mei oan de Alvestêdetocht en waard yn dizze barre tocht 8e, efter de winner Henk Angenent.
Yep Kramer is ek de heit fan Sven en Brecht Kramer. Soan fan Hendrik Kramer dy't seis Alvestêdekrúskes helle.
jaar | NK Allround | EK Allround | WK Allround |
---|---|---|---|
1979 | ![]() |
||
1980 | ![]() |
||
1981 | 11e | ||
1982 | 16e | ||
1983 | ![]() |
4e | |
1984 | ![]() |
7e | 6e |
1985 | - | - | |
1986 | 12e | ||
1984 | ![]() |
7e | 6e |
1985 | - | - | |
1986 | 12e |
- Maratonresultaten
- 1989: winner KNSB-cup maratonriden
- 1990: winner KNSB-cup maratonriden
- 1996: winner NK maraton op natoeriis
Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 500m 38.60
- 1500m 1.57.42
- 5000m 7.04.97
- 10000m 14.49.50